Typography

De plysje yn Drachten hat tiisdei in 46-jierrige man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan it feroarsaakjen fan de eksploazje yn it flatgebou oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. De fertochte wenne yn it kompleks en rekke by de eksploazje swier ferwûne. Oant no ta koe de man net heard wurde fanwege syn ferwûnings, mar dat kin no wol.

De man is oanhâlden op grûn fan spoareûndersyk en ferklearrings fan tsjûgen. Hy is no ynsletten foar neier ûndersyk.

26 januari 2016 - Omrop Fryslan